Aquazoo wol kuierpaad oernimme

31 mrt 2006 - 17:14

Bistepark Aquazoo yn Ljouwert wol útwreidzje. Ferline jier ha der 115.000 besikers west. Dat moatte der jierliks 200.000 wurde. Om mear minsken langere tiid yn it park te fermeitsjen, wol de bistetún groeie. Dêrom wol Aquazoo in stik grûn oernimme dêr't no noch in iepenbier kuierpaad oerhinne rint.

De gemeente Ljouwert wol wol meiwurkje oan de oerdracht fan it kuierpaad. Minsken dy't dêr rinne, binne minder wiis mei de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)