Aquaverium wol ferkeaphaven

22 des 2003 - 00:00

It Aquaverium yn Grou wol op koarte termyn har aktiviteiten útwreidzje. Der komt by it multifunksjonele wettersportkompleks in haven dêr't boaten ferkocht wurde, sa is it plan.

De gemeente Boarnsterhim moat noch wol grien ljocht jaan foar de ferkeaphaven. Doel is fierder dat yn it Aquaverium nije winkels komme op it mêd fan angel-en wettersport. Op it stuit stiet der noch 2500 kante meter oan romte leech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)