Aquaverium buorket foarút

30 nov 2005 - 10:31

By de wettersportbeurs Aquaverium yn Grou wurdt ynkoarten úteinsetten mei de oanlis fan in ferkeaphaven. Doel is dat yn maart takom jier de earste boaten yn dizze haven te keap oanbean wurde. Neffens de direksje is de ferkeaphaven needsaaklik om de wettersportbeurs úteinlik rendabel te krijen.

It giet yntusken better mei it Aquaverium. In grut part fan it gebou is ferhierd. In grutte motorleveransier festiget der it distribúsjesintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)