Aquanaut net iens mei krityk

06 sep 2012 - 16:42

It is perfoarst net wier dat it bedriuw Aquanaut yn Snits gjin jild oer hat foar in sosjaal plan foar meiwurkers dy't dien krije. By de jachtwerf moatte 9 fan de 40 minsken fuort, omdat der minder oarders binnenkomme.

Neffens it fakbûn CNV lûkt it bedriuw gjin jild út foar in sosjaal plan, mar dat is neffens Mark Bakker fan Aquanaut net wier. Hy seit dat it bedriuw in ton útlutsen hat om de meiwurkers nei oar wurk te begelieden. Neffens him wit it fakbûn dêrfan en is hy der 'ferdrietich' oer dat it CNV seit dat der gjin sosjaal plan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)