Aqua Zoo wurdt oernommen troch rekreaasjebedriuw Libéma

18 feb 2015 - 16:53
  • Aquazoo

Aqua Zoo yn Ljouwert is oernaam troch rekreaasjebedriuw Libéma út Rosmalen, tegearre mei twa oare festigings fan Zodiac Zoos. Fan dizze trije parken bliuwe allinnich de bisteparken yn Ljouwert en Overloon iepen. It park yn Epe giet ticht. Neffens de kurator hat Libéma it bêste bod útbrocht, wêrby't ek rekken hâlden is mei de wurkgelegenheid foar de 20 wurknimmers. Libéma hat earder ek eigener west fan Aqua Zoo.

Yn it jier 2000 hat it bedriuw it park rêden fan de ûndergong, doe't it noch bekend wie as Otterpark Aqualutra.

Libéma sil earst it achterstallich ûnderhâld yn it park oanpakke, mar op termyn sil ek yn it park ynvestearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)