Aqua Zoo los mei Homo Ludens

15 okt 2009 - 15:29

Keunstútstalling Homo Ludens yn Aqua Zoo yn Ljouwert is tongersdei iepene. It giet om in útstalling fan moderne keunstobjekten dêr't bern mei boartsje kinne.

Sûnt dizze simmer stean yn Aqua Zoo tolve keunstobjekten útstald. Se bliuwe dêr oant oktober takommend jier. De gemeente Ljouwert hat 250.000 euro subsydzje oan it projekt jûn. It projekt hat fyftich nije banen opsmiten. Foar de bern is it boartsjen op de keunswurken noch wol wennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)