Aqua Zoo krijt nije tapirs

22 nov 2013 - 15:05
  • Nije tapirs yn bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert
  • Ien fan de twa nije tapirs yn Ljouwert
  • Tapirs yn bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert
  • Ien fan de twa nije tapirs yn Ljouwert

Aqua Zoo yn Ljouwert hat der wer twa nije bisten by. It giet om twa tapirs. It mantsje en it wyfke dogge mei oan in Europeesk fokprogramma.

Tapirs binne beskerme bisten. It bistepark hie al earder in tapir, mar om't mei dat bist net fokt wurde koe, is dy ferhuze. It nije tapirstel kaam freed foar it earst bûtendoar yn it bistepark yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)