Aptekers yn swier waar

05 aug 2009 - 20:07
  • Aptekers yn swier waar

Fryske aptekers krije it hieltyd dreger om de holle boppe wetter te hâlden. De ynkomsten rinne werom omdat se no faak de goedkeapste fariant fan in medisyn oanbiede moatte. De tariven foar it útskriuwen fan resepten binne net heech genôch om it ferlies te kompensearjen. Guon aptekers moatte dêrtroch al finansjele ôfspraken meitsje mei de bank of leveransiers.

Komt der gjin taryfferheging dan moatte guon aptekers de doarren slute. Yn septimber komt dêr dúdlikheid oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)