Aptekers demonstrearje

08 okt 2009 - 13:20
  • Te min ynkomsten foar aptekers

In pear hûndert aptekers hawwe tongersdei demonstearre yn Den Haach. Se rôpen de Twadde Keamer op in ein te meitsjen oan it nije belied, wêrby't aptekers folle minder jild krije foar de medisinen dy't se oan pasjinten leverje. Neffens de aptekers sil dat nammentlik ta falliseminten liede.

By de demonstranten yn Den Haach sieten gjin Fryske aptekers, dy fiere aksje yn har eigen apteken, lykas yn it sûnenssintrum Cammingabuorren yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)