Apteker Gerbrands fan Bûtenpost hâldt nei 36 jier op

29 des 2015 - 21:45

Apteker Erik Gerbrands fan Bûtenpost hâldt der nei rom 36 jier mei op. Syn apteek oan de Voorstraat bliuwt iepen, mar hy giet sels mei pensjoen. Gerbrands wie ien fan de earsten yn Fryslân dy't in eigen apteek begûn en hat dat al dy tiid folhâlden. Yn de earste jierren hie hy benammen konkurrinsje fan de húsdokters dy't doe sels noch in apteek der by hiene. Dêrtroch hie er it de earste pear jier dreech.

.

Woansdei is it syn lêste dei en is der in ôfskiedsresepsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)