Apple-museum yn Oerterp

18 des 2012 - 17:06
  • Apple-museum
  • Apple-museum
  • Apple-museum

It earste Apple-kompjûter museum fan Nederlân komt yn it Fryske Oerterp. Nei Rome en Moskou it tredde Apple-museum yn Europa. Mear as 160 orizjinele Apple-kompjûters ha úteinlik har plak fûn yn dat earste Apple-museum fan Nederlân. Se binne sammele troch in 15 Apple-fanaten út Grinslân en Fryslân op inisjatyf fan Klaas Rietsema en Tjeerd van der Vaart. De kolleksje Apple-kompjûters yn Oerterp mei der wêze. Spitergernôch ûntbrekt de alderearste Apple nûmer 1 út 1976, in selsum type dat okkerdeis op in feiling noch 400.000 euro opbrocht.

It Fryske museum hat wol de Apple 2 dy't trije jier letter op de merk kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)