Apple-centre yn Ljouwert

08 nov 2005 - 11:05

Kompjûterprodusint Apple iepenet begjin takom jier in winkel yn Ljouwert. Dat hat in wurdfierder fan it Amerikaanse bedriuw sein. Yn it saneamde Apple centre wurde alle produkten fan it merk ferkocht, lykas kompjûters en iPods.

It kompjûterbedriuw hat op it stuit 14 filialen yn Nederlân. Yn it Noarden is Dalsheim yn Ljouwert dealer. Ek sit der in spesjaalsaak yn Grins. De winkel yn Ljouwert komt nei alle gedachten op de Nijstêd yn it âlde pân fan Hulshoff.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)