'Appeltsje' nei Easterwâlde

15 maaie 2013 - 16:26
  • 'Gluren bij de buren' falt yn de prizen
  • Skoalbern binne aktyf yn it âldereintehûs

Soarchynstelling ZuidOostZorg en basisskoalle Tussen de Singels yn Easterwâlde hawwe in wichtige priis krigen. Sy hawwe ien fan de trije Appeltsjes fan Oranje wûn. De Appeltsjes fan Oranje binne de Oscars foar de soarch. Tongersdei wurde de Appels yn Amsterdam útrikt troch kening Willem-Alexander en keninginne Maxima.

De Easterwâldsters krije de priis foar it projekt Gluren by de Buren, wêrby't skoalbern meidogge oan aktiviteiten yn it fersoargingshûs oan de oare kant fan de strjitte. Dit projekt is keazen út mear as hûndert ynstjoerings.

Sawol de skoalle as it fersoargingshûs binne út de skroeven mei de priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)