Appelskeaster museum is bysûnder

05 aug 2004 - 15:58

It Culinair Historisch Kookmuseum yn Appelskea is troch museumkonsulint Nicky Huisman keazen ta ien fan de 100 bysûndere musea yn Nederlân en Flaanderen. It hat dêrby it 18de plak fertsjinne.

Oer de 100 meast bysûndere musea yn Nederlân en Flaanderen is in boekje útbrocht. Yn it boekje wurdt fan alle musea in beskriuwing jûn. Boppedat is dizze praktyske museumgids oanfold mei fan elk museum in anekdoate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)