Appelskeaster bewarret yllegaal fjoerwurk yn halkast

27 nov 2015 - 10:12
  • Yllegaal fjoerwurk

De plysje yn Appelskea hat tongersdeitejûn in 36-jierrige man út it doarp oanhâlden om't er fyftjin kilo yllegaal fjoerwurk yn 'e hûs hie. It giet om mortieren, strikers en flinterbommen. De plysje kaam de man op it spoar nei in anonime tip.

De man hie it gefaarlike fjoerwurk yn syn halkastje opslein. Hy ferklearre dat er dat feilich genôch fûn. De plysje naam it fjoerwurk yn beslach, tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)