Appelskeaster besiket dief tsjin te hâlden en rekket ferwûne

11 des 2015 - 11:50

In 36-jierrige man út Appelskea is tongersdeitenacht slim ferwûne rekke doe't hy de dief fan syn VW-bus besocht tsjin te hâlden. De man hearde dat de bus by syn hûs oan de Bosleane starten waard en die de doar fan de bus iepen. Achter it stjoer siet in ûnbekende man.

Yn de wrakseling dy't ûntstie kaam de eigener klem te sitten tusken de dief en it dashboard. De dief ried in pear kear hin en wer, wêrby de eigener slim ferwûne rekke oan syn skonken, dy't tusken de auto en de doar klem sieten.

De bus rekke in pear kear it hûs. Sawol it hûs as de bus rekken skansearre. De dief naaide úteinlik út mei de bus, de eigener is nei it sikehûs brocht. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)