Appelskea is leuker wurden

06 feb 2007 - 11:50

It opknappen fan toeristysk Appelskea giet de goede kant út. De foarsjenningen binne yn it ôfrûne jier kwalitatyf folle better wurden en ek is der mear te dwaan foar toeristen. Dat docht bliken út de fyfde tuskenrapportaazje fan it aksjeplan foar rekreaasje en toerisme.

De kommende jierren wurdt ek sjoen nei it opsetten fan bygelyks in kultuerhistorysk museum en de ûntwikkeling fan de Boerestreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)