Apparteminten yn eardere basisskoalle De Westereen

14 jul 2015 - 16:47

It eardere skoalgebou IBS De Westreen is ferkocht. Yn it gebou oan de Eskdoarn yn De Westereen komme alve apparteminten. De bedoeling is dat ferskate doelgroepen hjir gebrûk fan meitsje yn de takomst.

Neffens de keaper fan it gebou, Kingma's boubedriuw út Bûtenpost, is der yn it doarp ferlet fan lytsskalige appartemintekompleksen. It karakter fan de skoalle bliuwt yn de plannen dy't makke binne bestean: "Wonen tussen schoolbord en schommel".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)