Apparteminten yn belestingkantoar It Hearrenfean

02 sep 2015 - 20:09
  • It âlde belestingkantor op It Hearrenfean

Yn it eardere belestingkantoar op It Hearrenfean komme 52 apparteminten. De ferbouwing dêrfoar begjint fan 'e wike. It kasko bliuwt stean en der komme sechstjin ferskillende soarten apparteminten yn, mei in hier dy't begjint by 460 euro. De wenten binne bedoeld foar jong en âld. Sporters soene dêr ek wenje kinne. Der komt ek in mienskiplike waskmasineromte.

It belestingkantoar oan it Stasjonsplein stie al in pear jier leech. As alles goed giet, kinne de earste bewenners der april takom jier yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)