Apparteminten yn ASR Wâldsein

02 aug 2012 - 14:58
  • Hellingbrêge

It kantoar fan fersekeringsbedriuw ASR yn it sintrum fan Wâldsein wurdt omboud ta in gebou mei 20 apparteminten foar âlderen. Wenningkorporaasje Elkien is fan doel it gebou te keapjen en dêrnei te ferbouwen. Yn de hjerst fan dit jier komt it kantoar leech te stean.

ASR makke trije jier lyn bekend werom te gean fan alve nei trije fêstigings: yn Utrecht, Amsterdam en Enschede. Elkien is dêrnei benadere om mei te tinken oer in nije bestimming foar it gebou.

Elkien moat noch besjen wat oan it gebou dien wurde moat om it geskikt te meitsjen foar de 20 senioarewenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)