Apparteminten yn âlde skoalle

27 nov 2013 - 15:48
  • Skoalle Boerhaavestrjitte
  • Skoalle Boerhaavestrjitte

Yn de eardere skoalle yn de Boerhaavestraat yn Ljouwert komme apparteminten. De stifting 'Zorg op maat' wol in miljoen euro ynvestearje yn it monumint út de jierren tritich foar tsien apparteminten foar minsken mei in lytse beheining.
Yn it gymmestyklokaal wurdt in Bêd&Brochje boud, dat troch de takomstige bewenners eksploiteard wurde sil. De tekeningen binne klear en it jild is der ek. No wurdt oerlein mei de bewenners fan de wyk Tsjerk Hiddes/ Cambuursterpad. De berneopfang makket no gebrûk fan de iepenbiere skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)