Apparteminten ûntromme troch gaslek op It Hearrenfean

11 mrt 2016 - 22:56
  • Fiif minsken moasten út har appartemint

Troch in gaslek by de Gedempte Molenwijk, moasten freedtejûn op It Hearrenfean in fiiftal apparteminten ûntromme wurde. It giet om wenningen boppe it heal sloopte gebou fan de supermerk Jumbo. Neffens in omwenner, is it gaslek ûntstien trochdat in koperdief in gaslieding yn it âld supermerkgebou trochseage hat.

De brânwacht hat de omwenners oproppen de apparteminten út te gean, oant it lek reparearre is. Nei ferwachting meie de bewenners freedtejûn wer harren wenningen yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)