Apparteminten De Kelders twa jier nei brân wer ferhierd

19 okt 2015 - 18:06
  • De Kelders, twa jier nei de brân

It is moandei 19 oktober, eksakt twa jier nei de grutte brân op De Kelders yn Ljouwert. Ien deadlik slachtoffer en in soad emosjonele en materiële skea wiene it gefolch. De bekende Ljouwerter kapper Wyb Feddema wie as eigener en ferhierder fan apparteminten direkt by dit drama belutsen. Syn gebou wie troch wetterskea 'total loss' mar is dochs behâlden bleaun, om't it as bertehûs fan Mata Hari in histoaryske betsjutting hat. De apparteminten binne allegearre wer ferhierd en oer in pear wike wurdt de gevel fan de nije kapsalon pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)