Appartemint útbrând oan de Roptastate yn Ljouwert

25 jul 2015 - 07:21
  • It útbrânde appartemint oan de Roptastate

In appartemint oan de Roptastate yn Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon hielendal útbrând. De omlizzende wenningen yn it kompleks binne út foarsoarch ûntromme. Op it momint dat de brânwacht te plak wie, stie it appartemint al hielendal yn de brân.

Neidat de útbrânde wenning fentilearre wie, koene de bewenners fan de oare apparteminten werom nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)