App mei Fryske taalspultsjes

19 maaie 2014 - 16:51
  • App foar Fryske taalspultsjes op skoallen
  • Deputearre Jannewietske de Vries by presintaasje GameFrysk
  • Wiardaskoalle by de presintaasje fan GameFrysk

Bern kinne Frysk leare kinne troch spultsjes op in nije app foar de tablet. De lansearring fan dy nije app wie moandei op de Wiardaskoalle yn Goutum. De reden dat de presintaasje dêr wie, komt omdat ien fan de seis taalspultsjes op de app betocht is troch Jelmer Walsweer. Hy sit yn groep 7 fan de Wiardaskoalle.

De klasgenoaten fan Jelmer wiene moandeitemiddei drok dwaande mei de nije app. De Afûk hopet dat in soad bern de app GameFrysk spylje sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)