App foar wettersporter yn need

06 aug 2013 - 18:57
  • iPhone

Wettersporters kinne mei in spesjale app op har telefoan tenei fuortendaliks soarch krije op en om it wetter. De applikaasje mei de namme de 'geomedic app' is ûntwikkele yn opdracht fan it Antonius sikehûs yn Snits en waard tiisdei presentearre.

Yn libbensbedriigjende situaasjes kinne wettersporters fia de app har lokaasje trochjaan oan de sintrale fan it neednûmer 112. Yn de app is oan de hân fan nûmers fan de steigerlokaasjes op de Fryske Marren te sjen wêr't de wettersporter is.

It Antonius sikehûs wol de kommende tiid fierder gean mei it ûntwikkeljen fan mear apps. Sa wol it sikehûs befoarderje dat minsken tenei op in app ôfspraken meitsje. Se hoege dan net mear perfoarst ûnder kantoartiid nei it sikehûs te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)