App foar heakoartspasjinten

06 des 2011 - 17:25
  • Mobyltsje

De provinsje lûkt hast twa ton út foar in programke op de mobile tillefoan dat Friezen warskôget foar heakoarts. De saneamde iPol wurdt ûntwikkele troch de NHL, MCL en twa spesjalistyske bedriuwen.

Fan alle Friezen hawwe 130.000 lêst fan heakoarts. De techniken dêr't sy no mei ynformearre wurde oer de oanwêzigens fan pollen yn de loft, rinne oant wol sân dagen achter. Mei de nije applikaasje kin folle better spesifike warskôgings foar in regio ôfjûn wurde. De provinsje stipet it plan omdat it programma maklik op oare plakken te brûken is. De dielnimmende Fryske bedriuwen kinne de technyk dan dêr ek útwurkje. Ut Italië en België is der al belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)