Apotheker: ynsette op jachtbou

03 jan 2013 - 18:57
  • Hayo Apotheker

Wat de wettertechnology is foar Ljouwert, moat de jachtbou wurde foar Súdwest-Fryslân. Dat sei boargemaster Hayo Apotheker tongersdei yn syn nijjierstaspraak. Neffens de boargemaster jouwe de lytsskalige jachtbou en de wettersport no al wurk oan in hiel soad minsken en hy wol dat yn it nije jier folle mear bekendheid jaan by kollegabestjoerders yn it Noarden.

Yn 2014 wurdt bepaald welke projekten yn de beneaming komme foar bygelyks Europeeske subsydzjes. Súdwest-Fryslân wol dan de jachtbou en de wettersport nei foaren skowe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)