Apotheker ynformateur Grins

24 mrt 2014 - 07:40
  • Hayo Apotheker

Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân is foardroegen as ynformateur foar de stêd Grins. D66 is dêr woansdei by de gemeenteriedsferkiezings de grutste partij wurden mei njoggen sitten.

Apotheker sil gesprekken fiere mei de ferskate partijen om de mooglikheden foar in nije koälysje yn kaart te bringen. Moandei is yn Grins it debat oer de ferkiezingsútslach. Yn de earste riedsgearkomste fan no tongersdei sil de beneaming fan Apotheker offisjeel bekrêftige wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)