Apotheker: SWF grutte gemeente

04 aug 2012 - 10:34
  • Hayo Apotheker

De gemeente Súdwest-Fryslân soe mei fjouwer grutte noardlike gemeenten meidwaan moatte neist Ljouwert, Grins, Emmen en Assen. Dêr pleite boargemaster Hayo Apotheker freed foar by de iepening fan de Snitswike. Mei Snits as stêd hat Súdwest-Fryslân in wichtige funksje foar Fryslân. En fiif grutte gemeenten soe goed wêze foar it Noarden.

Neffens Apotheker is sa'n gearhing yn Noard-Nederlân fan grut belang om saken oan te pakken. De fjouwer oare stêden hawwe mei-inoar al in soad op de aginda set. Súdwest-Fryslân wol dêr graach oan meidwaan.

Apotheker wiist der fierder op dat syn gemeente folle mear ynwenners hat as de Drintse haadstêd Assen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)