Apotheker boargemaster Snits

08 jan 2010 - 09:04
  • Hayo Apotheker

Ald-boargemaster fan Ljouwert en âld-minister fan lânbou Hayo Apotheker (D66) wurdt mei yngong fan 15 febrewaris de nije boargemaster fan Snits. Apotheker hat syn beneaming meidield oan de fraksjefoarsitters en wethâlders Steenwijkerland, dêr't er no boargemaster is.

Apotheker wurdt yn Snits waarnimmer, omdat de wetterpoartstêd letter dit jier fusearje sil mei Nijefurd, Boalsert, Wymbritseradiel en Wûnseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)