Apoteek yn finansjele need

07 sep 2009 - 09:36
  • De Sonnega-apoteek sit oan 'e Twibaksmerk

De Medsenapoteek Sonnega yn Ljouwert hat moandei útstel fan betelling oanfrege. De festiging is ien fan 'e sân apoteken fan 'e Medsenketen dy't yn finansjele problemen rekke binne.

De apoteken hawwe minder ynkomsten omdat soarchfersekerders inkeld de goedkeapste fariant fan in medisyn fergoedzje meie. Dy maatregel is naam troch it Ryk. Medsen Sonnege yn Ljouwert hat 3500 klanten en njoggen wurknimmers. De apoteek bliuwt foarearst wol iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)