Apesturt yn Morse-alfabet

22 feb 2004 - 00:00

Foar it earst sûnt de Twadde Wrâldkriich is der in nij teken oan it Morse-alfabet tafoegd. It giet om it 'apesturtsje' @.

It nije teken, faak útsprutsen as it Ingelske wurd 'at', bestiet út de koades foar de a en de c. Brûkers fan Morse kinne no makliker e-mailadressen útwikselje. Opfallend: it Morse-alfabet hat noch altiten gjin koade foar it útropteken!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)