Apenheul siket Friezen

12 nov 2012 - 18:08

Dieretún De Apenheul is op syk nei in Fryske famylje dy't dêr mooglik syn fototastel kwytrekke is. De kamera is by wurksumheden yn in grêft fûn. Al gau wie dúdlik dat it tastel net mear te rêden wie, mar de geheugenkaart wol.

Op ien fan de 400 foto's is in jonkje te sjen dat by in grutte jierdeistaart mei Fryske flachjes derop stiet. De Apenheul tinkt dêrom dat it wolris om in Fryske famylje gean kin. Dy kin kontakt opnimme mei de dieretún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)