Aparte status wenbuorkerijen

24 nov 2009 - 10:11

In mearderheid yn de Twadde Keamer tinkt mei in aparte status foar plattelânswenningen problemen op te lossen by de bewenning fan eardere buorkerijen. It CDA hat dêr moandei in moasje oer yntsjinne. Dy krige de stipe fan PvdA, VVD en SGP.

Yn de moasje wurdt minister Cramer fan VROM frege om foar 1 july takom jier mei in wetsfoarstel te kommen dat regelet dat gemeenten de bestimming plattelânswenning tapasse kinne. In pleats is dan gjin boerebedriuw mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)