"Aparte fytsbrêge oer PM-kanaal"

29 nov 2005 - 09:49

Der moat in aparte fytsbrêge komme oer it PM-kanaal by Blauforlaet. Dat skriuwt it CDA yn Achtkarspelen oan it provinsjebestjoer.

Op de dyk tusken Surhústerfean en Bûtenpost binne auto's, fytsers en trekkers fan elkoar skieden. By it PM-kanaal is dêr te min romte foar en treffe fytsers en trekkers elkoar. It CDA is hjir net foar. De provinsje stelt foar om in maksimumsnelheid fan 30 kilometer yn de oere yn te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)