Aparte bus foar stikken ark

02 sep 2013 - 21:37

Yn Ljouwert komme bussen te hingjen dêr't ynwenners stikkene elektryske apparaten ynleverje kinne. By de brievebussen komme bakken te hingjen dêr't Ljouwerters lytse apparaten yn weismite kinne. It giet dan om bygelyks föhns, mp3-spilers en elektrysk boartersguod.

No goaie Nederlanners de man alle jierren 2 kilo ôfdankte apparaten fuort mei it smoargens, wylst sok ark foar it grutste part te recycljen is. PostNL sil de bakken leegje. De bakken hingje der earst in jier op proef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)