AOB tsjin ûntslachbelied

23 jun 2011 - 20:35

It Algemien Underwiisbûn wol foarkomme dat foaral jonge ûnderwizers har baan ferlieze troch de problemen by de iepenbiere basisskoallen yn Ljouwert. It bestjoer fan ûnderwiiskoepel Proloog hat keazen foar it saneamde "last in first out" prinsipe. Dêrtroch rinne jonge learkrêften it grutste risiko op ûntslach.

De AOB wol in sosjaal plan dêr't âldere wurknimmers yn stimulearre wurde om har baan frijwillich op te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)