ANWB wol gearwurking yn natuer

26 nov 2012 - 12:04
  • Natuergebiet It Eilân

ANWB-direkteur Guido van Woerkom wol dat terreinbehearende natuerorganisaasjes yn ien regio mear gearwurkje yn saneamde Erfgoed Huizen. Dat soe in stik effisjinter wêze. Lanlik soene der 1500 minsken minder nedich wêze troch sa'n gearwurking. Dat docht neffens Van Woerkom bliken út in ûndersyk fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn Fryslân giet it konkreet oer It Fryske Gea, Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten. Direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea tinkt dat de ANWB-direkteur net de goeie sifers hat.

Sa soene der 5000 minsken by de trije organisaasjes wurkje, mar dat binne maksimaal 2500. Fierder is it ûnderhâlden fan mear foar de rekreant tagonklike natuer net goedkeaper, mar djoerder. De Vries sjocht wol wat yn mear gearwurking mei organisaasjes dy't bygelyks Roodbaardtunen, staten en stinzen beheare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)