ANWB: Kieze uit 10 útstapkes

06 mrt 2012 - 10:47

Tsien attraksjes yn Fryslân meitsje kâns om 'Leukste uitje' te wurden. It giet om in inisjatyf fan 'e ANWB, dy't syn leden frege mei suggestjes te kommen. Dat hat sa'n 30.000 reaksjes opsmiten. Dêr binne yn eltse provinsje de tsien meast neamde úthelle. Yn Fryslân giet it ûnder oare om it Kazemattemuseum, in dei nei It Amelân of Skylge en it planetarium yn Frjentsjer.

Leden fan de ANWB kinne oant heal april har favoryt kieze. It giet om de twadde edysje fan it 'Leukste uitje'. By de earste wûn bernebuorkerij Doniastate fan Stiens.

Oare Fryske gadingmakkers foar 'Leukste uitje' binne ûnder oare de eardere finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert, bistetún Aqua Zoo en it Kameleondoarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)