ANWB: 'Gjin wynmoles Iselmar'

10 apr 2014 - 11:36
  • Wynmûne

De ANWB freget Deputearre Steaten ôf te sjen fan it pleatsen fan wynmoles yn de Iselmar by de Ofslútdyk. De toeristyske organisaasje tinkt dat de wynmoles soargje sille foar minder toeristen. Ut enkêtes fan ûnder oare de Recron en Hiswa docht bliken dat 30 prosint fan de toeristen net weromkomt nei de Iselmar, as dêr in wynmolepark stiet.

De ANWB biedt Deputearre Steaten oan om mei te tinken oer in oare lokaasje foar de wynmûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)