Antyk mosayk fûn yn Dokkum

20 feb 2008 - 00:08

De mosaykflier fan in 13e-ieuwsk kleaster yn it sintrum fan Dokkum wurdt de blikfanger fan in nij gebou fan wenningboukorporaasje WoonFriesland.

De flier kaam foar it ljocht by it argeologysk ûndersyk dat ferplicht oan de bou foarôf gie. De tegeltsjes sille te sjen wêze troch in glêzen flier. WoonFriesland set oan de Markt in gebou del mei sân hierappartementen en in winkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)