Antyk guod nei Aldfaers Erf

21 jul 2010 - 15:15

De gemeente Wûnseradiel hâldt troch de weryndieling ynkoarten op te bestean. Dat wie oanlieding om ris goed op te romjen. Yn in depot stie noch in âlde diselwals fan 40 jier âld. Eartiids waard dy brûkt de diken te walsen en keatsfjilden te sljochtsjen. Ek waard in âlde tontsjekarre fûn.

Beide antike apparaten binne kado jûn oan de stifting Aldfaers Erf yn Allingawier. Der sille se te sjen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)