Antydiskriminaasjeburo bliuwt

15 apr 2004 - 00:00

It antydiskriminaasjeburo yn Ljouwert is foarearst rêden. De provinsje hat woansdei besluten jild beskikber te stellen. It buro yn Ljouwert stie faai, om't it ministearje fan Justysje syn jierlikse bydrage fan 40.000 euro ynlûkt.

De SP-fraksje trune by de Steaten oan op stipe foar it buro. Nei in lange diskusje sei deputearre Ploeg in bydrage foar yn alle gefallen dit jier ta. Hoe't it dêrnei komt, is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)