Antybiotikateams yn sikehuzen

22 feb 2013 - 12:45

Antybiotikateams sille noch dit jier de problemen yn de Fryske sikehuzen mei resistinte baktearjes oanpakke. Dat seit Anne-Marie van Elsacker. Sy is arts-mikrobiolooch en foarsitter fan de fakgroep dy't him dêrmei dwaande hâldt by it Frysk sintrum ynfeksjesykten Izore.

Freed kaam nei bûten dat de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch advisearret dat elk sikehûs sa'n team ynstelt. Yn Fryslân binne se dêr al hiel fier mei. It wachtsjen wie benammen op in goede registraasje fan hokker antybiotika pasjinten brûke. Dat is no regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)