Anty-wynmûnestichting wol referindum

08 nov 2014 - 12:01

Stichting 'Gjin romte foar wynhannel' wol in referindum oer de komst fan wynmûnen yn Fryslân. De stichting reagearret dêrmei op it beslút fan deputearre steaten om wynmûnen te pleatsen yn de Iselmar.

Neffens âld-deputearre Jan Ploeg fan de stichting hawwe minsken gjin idee wat der op harren ôfkomt. Der komme in hiel soad wynturbines en se binne ek nochris grut. De 82 eigener krije subsydzje foar de turbines. Dat jild is ôfkomstich út ryksbelestingjild dat ek opbrocht is troch de direkt omwenners.

Provinsjale steaten nimme op 17 desimber in beslút oer de wynmûnen. Sy soene dat beslút útstelle moatte oant de útkomsten fan it referindum bekend binne, seit Ploeg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)