Anty Swarte Pyt demonstrant ferstjert op de weromreis

13 feb 2016 - 14:51
  • De demonstraasje tsjin Swarte Pyt yn it sintrum fan Grou

Ien fan de Swarte Pyt demonstranten dy't sneon by de yntocht fan Sint Piter yn Grou wie is op de weromreis ferstoarn. It giet om in man út Purmerend, sa hat de plysje bekend makke. De aksjefierder waard yn de bus net goed. By Akkrum is de bus lâns de kant fan de dyk set. Ambulânsepersoniel hat besocht de demonstrant te reanimearjen, mar dat holp net mear.

De oare demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet binne opheind op it plysjeburo fan It Hearrenfean en krigen dêr slachtofferhelp.

De tweintich aksjefierders wiene sneon fan Rotterdam nei Grou reizge om te protestearjen by de yntocht fan Sint Piter. De sfear by de demonstraasje wie grimmitich. De aksjefierders hiene tastimming om yn de Hellingshaven te demonstrearjen, mar dat plak noaske har net. Dêrom binne se nei de Haadstrjitte gien. Dêr rôpen se gjalpen as 'Swarte Pyt, Groot Verdriet'. Grouster jongeren reagearren troch lûd it Sint Piter lied te sjongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)