Anty-smookbelied Campina

01 apr 2011 - 16:26
  • De útwykte Campina-smokers

It anty-smookbelied fan FrieslandCampina wurdt hieltyd strenger. Sa binne der formulieren útdield om smokers, ek bûten it gebou, te ferklikken. Personiel fan it suvelkonsern is lilk oer dy metoaden.

Wurknimmers sykje no fier bûten it wurkterrein in plakje om te smoken. Dat der yn en om de produksje fan suvel net smookt wurde mei, begripe se, mar meldingsformulieren om elkoar te ferklikken, dat is der fier by troch, fine se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)