Anty-rasismepriis oerlange

05 maaie 2010 - 16:29

Leona Beeldstroo fan Ljouwert hat de anty-rasismepriis krigen fan Ljouwert. Se set har yn foar it Keti-Koti- festival, foar aktiviteiten foar jongerein en it tema frouwebesnijenis.

De útrikking fan de jildpriis en in spjeldsje, dat dit jier foar it earst oerlange waard, wie yn 'e Prinsetún yn Ljouwert. Oare nominearren wiene Buro Saris, it bestjoer fan multyfunktioneel sintrum Frijheidswyk en de ynternasjonale skeakelklasse fan skoallemienskip Piter Jelles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)