Anty-PVV-spandoek fuorthelle

03 mrt 2011 - 09:56

Yn Makkum is woansdei in spandoek fuorthelle by in stimburo oan de Buren. Op it doek stiene leuzen tsjin de PVV dy't meidie oan de provinsjale steateferkiezings. Der stie ûnder oare 'Partij Voor de Vuilnis' op.

Omstanners hiene argewaasje krige fan it spandoek en de plysje belle. It soarge foar ûnrêst by it stimburo en dêrom hat de plysje it doek fuorthelle. De frou dy't it doek ophongen hie, is troch de plysje dêrop oansprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)